Minnertsgea
From Wikipedy
Minnertsgea is in doarp yn it súdwesten fan de gemeente It Bilt.
[bewurkje seksje] Skiednis
Minnertsgea wurdt yn 1168 al neamd. Yn dy tiid stie de tsjerke der ek al, dy't nei alle gedachten likernôch 1120 boud wêze moat. De earste bewenning moat dan noch âlder wêze; oannaam wurdt dat Minnertsgea yn it jier 1000 al bestie.
It doarp is dêrmei folle âlder as de oare parten fan de gemeente it Bilt. It is dan ek earst by gemeentlike weryndieling fan 1984 oan de gemeente tafoege. Foar dy tiid wie it doarp part fan Barradiel.
[bewurkje seksje] Lizzing
Minnertsgea leit op de easterein fan de Bjirmen, net fier westlik fan Wier. Dêrmei leit it krekt súdwestlik fan de Hege Dyk, de âlde waaddyk dêr't de polders, fan de Middelsee tsjinoan lizze. It doarp leit oan de N393, dy't nei it westen nei Tsjummearum giet, en nei it noarden nei Sint Jabik. Nei it súden is it doarp fia de Minnertsgeaster Feart ferbûn mei de Rie. It plak leit op de koördinaten 53° 15' N - 5° 36' E.