From Wikipedy
Wapen |
Kaart |
|
|
Basisgegevens |
staat: |
Ruslân |
oerflak: |
1.097,12 km² |
tal ynwenners: |
10.406.578 (1 jannewaris 2005) |
ynwennerstichthyd: |
9.485 ynwenners/km² |
hichte: |
156 m boppe seespegel |
postkoades: |
101000-129626 |
geografyske posysje: |
55° 46' N, 37° 40' E |
stedsyndieling: |
10 distrikten |
offisjele webside: |
mos.ru |
e-post adres: |
mayor@mos.ru |
polityk |
buorgemaster: |
Joeri Michailowyts Lûsjkow |
list mei stêden yn Ruslân |
Moskou is de haadstêd fan Ruslân, of better sein fan de Russyske Federaasje. De stêd leit midden yn it Europeeske part fan Ruslân en hat sa'n 11,2 miljoen ynwenners.
Moskou is in metropoal mei in soad foarstêden mei fletgebouen, dy't om it histoaryske sintrum lizze. Guon toeristyske trekpleisters yn Moskou:
Yn 1156 waard it houten fort (Kremlyn) oan de rivier de Moskwa boud, wat it begjin wie fan de Moskouse metropoal. Yn 1367 lit Dmytri Donskoj de muorren fan it Kremlyn yn kalkstien herbouwe. Fanwege Tartaarske oanfallen moasten de muorren fan de stêd yn 1571 fersterke wurde troch Iwan de Ferskriklike (1533-1584). Yn de midsieuen wurde op it Reade Plein, neist it Kremlyn, jiermarkten en eksekúzjes hâlden. Michail Romanov wurdt yn 1613 troch de machtichste buorgers ta Tsaar ferkeazen, en set útein mei de 300 jier duorjende famyljehearskappij yn Ruslân.
Yn 1712 ropt Tsaar Peter de Grutte Sint Petersburg út ta haadstêd en Moskou sil 200 jier lang de twadde stêd fan it lân wêze. Ek Katarina de Grutte hie Moskou net sa heech; hja fûn it mar in achterlike stêd en hat der nea lang wenne. Yn 1812 falt Napoleon Moskou binnen en dit blykt it kearpunt yn de kriich. Twatredde fan de stêd brânt ôf en in nij stêdsplan betsjut in nije takomst foar Moskou.
Historyske ynwenneroantallen |
Jier |
Tal ynwenners |
1400 |
40.000 |
1638 |
200.000 |
1710 |
160.000 |
1725 |
145.000 |
1738 |
138.400 |
1775 |
161.000 |
|
|
|
|
Mei de ferneamde metro kin men rap en maklik de stêd troch. It metrosysteem is oanlein troch Stalin yn it ramt fan syn stêdsfernijing. De metro rydt faak, is betrouber en net djoer. Der binne in talvetal linen mei mear as 150 stasjons. De metrostasjons binne grut en mei prachtige ynterieuren oanlein.
Yn Moskou binne goeie bus- trolleybus- en tremferbinings. Autoride yn Moskou is foar Westerlingen in fak apart. Ferkearsrigels lykje hjir net te wêzen, it read ferkearsljocht betsjut lang net altyd dat dêrfoar wachte wurdt. Autoriders binne agressyf en jouwe inoar gjin foargong. Autoos ride troch inoar hinne en wike gauris út fanwege gatten yn de dyk. Plysjes meie autoriders sûnder reden oanhâlde, om dêrnei in bekeuring út te dielen as oanfolling op harren salaris. Omdat de ynwenners hyltyd riker wurde, komme der mear atoos op de diken. De filefoarming is no ien fan de grutste problemen foar it stêdsbestjoer.
- Iwan V van Rusland (27 augustus 1666), tsaar fan Ruslân
- Elisabet I van Rusland (18 december 1709), tsarina fan Ruslân
- Aleksandr Poesjkin (26 mei 1799), dichter
- Michail Lermontov (15 oktober 1814), skriuwer
- Fjodor Dostojevski (11 november 1821), skriuwer
- Vladimir Komarov (16 maart 1927), rûmtefearder
- Oleg Popov (31 juli 1930), klaun
- Nina Zjivanevskaja (24 juni 1977), swimster
- Marat Safin (27 januari 1980), tennisser
- Anna Kournikova (7 juni 1981), tennisster en model
- Jelena Dementjeva (15 oktober 1981), tennisster
- Maria Kirilenko (25 januari 1987), tennisster