Reade Plein
From Wikipedy
It Reade Plein (Красная площадь) is it sintrale plein yn Moskou dat troch de militêre parades yn'e tiid fan'e Sowjetuny ferneamd is. It plein is 550 by 100 meter.
[bewurkje seksje] Skiednis en namme
It plein waard oanlein nei de grutte stêdsbrân yn 1493. Fanôf dat stuit waard de nije iepen romte brûkt as plak foar de merke.
De namme "Reade Plein" is komt net fan'e reade kleur fan'e gefelstiennen en it ferwyst ek net nei de tiid fan it kommunisme. It Russyske bywurd Krasnij (Krasnaya) besjutte eartiids njonken "read" ek "moai" (no net mear; yn it modern Russysk besjut Krasnij allinich mar "read"). Troch de oanwezigens fan'e Basiliuskatedraal krige it plein yn'e 17e ieu syn hjoeddeistiche namme Moaie Plein ynstee fan it âlde wurd Pozhar (brân).