Muzyk
From Wikipedy
Muzyk yn de brede sin fan it wurd, is in oansprekkend arranzjement fan lûd en stilte. De úteinlike definysje fan muzyk is swier bediskusearre. Wannear't lûd akseptearre wurdt as muzyk, is ôfhinklik fan kultuer en histoarje. Yn it algemien kin steld wurde dat it lûd op syn minst troch ien as mear persoanen bewust organisearre wêze moat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Basis eleminten
De measte muzyk bestiet út toanen mei in bepaalde hichte (frekwinsje). Ferskillende toanen efter-in-oar spile, foarmje in meldij., wylst ferskillende toanen dy't tagelyk spile wurde yn akkoarden en harmony of disharmony resultearje. De tempo-gewize organisaasje fan dizze eleminten én stilte is ritme.
[bewurkje seksje] It skriuwen fan muzyk
Muzyk kin foar't it útfierd wurdt, skreaun wurde troch in komponist of lieteskriuwer. Yn sokke gefallen sille de muzikant of muzikanten dy't dat stik letter spylje, oer it generaal de ynstruksjes dy't de komponist, meast as blêdmuzyk, oanjûn hat, folgje. In oare mooglikheid is dat de útfierders spyljenderweis in eigen slinger oan it stik jouwe (ymprovisaasje).
[bewurkje seksje] It útfieren fan muzyk
Muzyk kin te berde brocht wurde troch ien muzikant, mar ek troch meardere dy't meiinoar in groep foarme lykas in rockgroep of in orkest. De muzyk dy't makke is of wurdt, kin op ferskate wizen belústere wurde: de meast tradisjonele manier is de muzyk direkt, yn it bywêzen fan de muzikanten (live), te belústerjen. It is mooglik dizze live-muzyk út te stjoeren fia radio, televyzje of oer it ynternet, alhoewol it belibjen fan de muzyk dan ticht komt by it belústerjen fan fêstleine muzyk. Somtiden kin it ôfspyljen fan earder opnommen muzyk (fan oare artysten) ûnderdiel útmeitsje fan in útfiering. Sels sjonge, fluitsje, in ynstrument bespylje of in muzykstik komponearje binne ek foarmen fan muzyk meitsjen.
Dôve minsken kinne muzyk belibje troch it fielen fan de fibraasje yn harren lichem. In bekend foarbyld is de komponist Ludwig van Beethoven dy't doe't er al folslein dôf wie, noch ferskate as masterstikken erkende komposysjes makke.
[bewurkje seksje] Muzyk en ûnderwiis
Minsken nimme les as se leare wolle muzyk te meitsjen. Muzikology omfiemet in breed fjild fan histoaryske en wittenskiplike stúdzje oer muzyk, Muzyk teory en Muzyk histoarje ynbegrepen.
[bewurkje seksje] Sjânres
Omdat muzyk in oerâlde keunstfoarm is, binne der in ekstreem grut tal muzyksjânres ûntstien. De grutste streamingen binne klassike muzyk, populêre muzyk (moderne popmuzyk ynbegrepen) en folksmuzyk. Fierder kinne de Jazz en de Blues neamt wurde.