Olympyske Spullen
From Wikipedy
De Olympyske Spullen binne in ynternasjonaal sportevenemint, dêr't eltse fjouwer jier twa fan hâlden wurde: de simmer Olympyske Spullen en twa jier letter de Olympyske Winterspullen. De trochgeande organisaasje fan de spullen is yn hannen fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee, mar de organisaasje fan eltse spullen wurdt dien troch de stêd dêr't de spullen hâlden wurde, troch in apart organisaasjekommitee. Op it stuit is Jacques Rogge foarsitter fan it YOK.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Klassike Olympyske Spullen
Yn de klassike âldheid waarden eltse fjouwer jier by Olympia spullen hâlden ta eare fan Zeus. Mar earst sûnt 776 f.Kr. waarden de nammen fan de winners byhâlden. De spullen begûnen as yn iendeiswedstriid yn hurdrinnen. Letter kamen der ek de estafette, it fakkelrinnen, de fiifkamp (diskussmiten, fierspringen, hurdrinnen, spearsmiten en wrakseljen), de pankration, it wapenrinnen, en it weinrinnen by, en wûksen de spullen ta in wike.
De dielnimmers wienen frije Hellenen, en letter ek Romeinen, mar allinnich foar it weinrinnen koenen froulju ynskreaun wurde. Dat froulju ynskreaun wurde koenen woe net sizze dat se sels meidienen: by it weinrinnen waarden de hynders ynskreaun op de namme fan de eigner, net dy fan de stjoerman.
Yn it jier 394 makke Teodosius de Grutte in ein oan de Klassyke Olympyske Spullen.
[bewurkje seksje] Moderne Olympyske Spullen
De Moderne Olympyske Spullen wienen in idee fan de Franske baron Pierre de Coubertin dat er op 25 novimber 1892 foar it earst publyk makke. Pas yn 1894 waard it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee oprjochhtte. Mar doe gie it hurd, dat wêr De Coubertin tocht hie de earste spullen in 1900 yn Parys te hâlden, waarden yn 1896 de earste moderne spullen al organisearre yn Atene. Grykelân hie de spullen graach altyd organisearje wollen, mar om it idee fan ynternationale spullen te fersterkjen waarden de spullen eltse fjouwer jier yn in oar lân organisearre.
Yn 1924 waard yn Chamonix in Ynternationale Wintersportwike organisearre. Doe't dat in sukses waard, waarden fjouwer jier letter yn Sankt Moritz de twadde Olympyske Winterspullen organisearre. Oant en mei 1992 waarden de beide spullen yn itselde jier hâlden, mar yn 1994 waarden wer Winterspullen hâlden, yn Lillehammer sadat se no krekt út de pas rinne mei de Olympyske Simmerspullen.
[bewurkje seksje] Resinte spullen
- 2000 Olympyske spullen yn Sydney (Austraalje).
- 2002 Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City (FSA).
- 2004 Olympyske spullen yn Atene (Grikelân ).
- 2006 Olympyske Winterspullen yn Turyn (Itaalje).
- 2008 Olympyske spullen yn Peking (Sina).
- 2010 Olympyske Winterspullen yn Vancouver (Kanada).
- 2012 Olympyske spullen yn Londen (Grut-Brittanje).