Itaalje
From Wikipedy
|
Itaalje is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Rome en de president fân de republyk is sûnt 1999 Carlo Azeglio Ciampi.
Itaalje wurdt begrinzge troch:
- Switserlân en Eastenryk yn it noarden;
- Sloveenje en de Adriatyske See yn it easten;
- Middellânske See yn it súden;
- Frankryk yn it westen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Eilannen
It lân hat twa grutte eilannen, Sisylje yn it súden en Sardynje yn it westen. It tredde grutte eilân, Korsika, heart by Frankryk. Itaalje hat fansels ek in soad lytsere eilannen, dêr't Elba faaks it ferneamdst fan is. It meast súdlike eilân, Lampedusa, leit tichter by it fêstelân fan Afrika as by it fêstelân fan Itaalje.
[bewurkje seksje] Berchten
Om't Itaalje op it Afrikaanske kontinentale plat leit hat de hegere faasje fan Afrika yn Jeropa de Alpen opstood. De noardgrins fan Itaalje leit dan ek oer de toppen fan de Alpen. It grutste berchte dat dêrby binnen de grins leit binnen de Dolomyten. Min of te mear oanslútend oan de Frânske Alpen begjint de rêchbonke fan Itaalje, de Apeninen, dy't troch gâns Itaalje nei it suden rinne. Fierders binne der yn Itaalje ferskate fulkanen, dêr't de Fesuvius by Napels, de Etna op Sisylje en it fulkaaneilân Stromboli de ferneamste binne.
[bewurkje seksje] Wetter
De eastkust fan Itaalje is oan de Adriatyske See, dy't fia de Strjitte fan Otranto yn de Ionyske See oergiet, wêrfan de Golf fan Taranto de twa úteinen fan Itaalje skied. De Strjitte fan Messina rint tusken it fêste lân en Sisylje troch. Dat eilân hat oan de súdkant de Middellanske See, wêrfan it Malta Kanaal de ôfskieding foarmet fan Malta, en it Sisyliaansk Kanaal de ôfskieding mei Tuneezje. Oan de noardkant fan it eilân leit de Tyreenske See, dy't fierder beheind wurdt troch Sardynje, Korsika en it fêstelân. Oan it noardein fan it Frânske Korsika skied de Liguryske See it eilân fan de Italiaanske fêste wal.
Yn it noarden lizze de fjouwer grutte marren fan Itaalje, it Lago Maggiore, it Komo Mar, it Iseo Mar en it Garda Mar. Yn de flakte tusken de Alpen en de Apeninen rint de rivier de Po. Yn de midden fan it lân leit benoarden Rome ek noch in groep marren, wêrûnder de Mar fan Bolsena.
[bewurkje seksje] Enklaves
Yn Rome leit it ûnôfhinklike Fatikaanstêd. Noardliker leit ticht by de Adriatyske See San Marino.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
It lan is ferdield yn 20 regios, dy’t yn in totaal fan 107 provinsjes wer ûnderferdield binne. Dizze 20 gebieden hawwe parleminten en oerheden. As resultaat fan in referindum fan 2001 binne de regionale befoegdheden ferhege.
Sjoch ek de Italjaanske Regio’s.
[bewurkje seksje] Kaart
[bewurkje seksje] Gearwurking
Itaalje is in stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). Sûnt 1955 is it lân lid fan de Feriene Naasjes. Itaalje is ek in stiftend lid fan de Jeropeeske Uny (1957).