Reduzum
From Wikipedy
Reduzum, of ek 'Roardahuzum', is in doarp oan it ein fan it Swin, yn Boarnsterhim. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.
Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de wei nei Oerisel, fermaerd fanwege de herberch "De Trije Romers", Dat wie in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat is grif wêrom hjir , yn wat yn dy tiid it hotel "De Grutte Trije Romers" wie, yn 1879 it Fries Rundvee Stamboek en it Fries Paarden Stamboek oprjochte binne.
Het hotel is der net mear, mar in oar ferneamd plak in Reduzum is der noch: Krekt bûten it doarp stjiet oan wat ea de wei nei Oerisel wie De Blauwe Tent. En krekt dêr tsjinoer stiet de Doarpsmûne Reduzum.
[bewurkje seksje] Ferwizing
De Nederlânske namme is: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: RoardhuzumOm't it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is, is sûnt jierren keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de de namme (van) Roorda, wêr't de namme fan ôflaat is.