Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Rjocht yn Fryslân - Wikipedy

Rjocht yn Fryslân

From Wikipedy

It rjocht yn Fryslân hat al in lange skiednis. Hjir folget in koart oersjoch.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Midsieuwen

By de Friezen bestie it rjocht ynearsten allinnich yn de mûnlinge oerlevering. Om 800 hinne waard it Fryske rjocht foar it earst troch fêstlein yn de Lex Frisionum, om't Karel de Grutte in algemien foarskrift útfeardige hie dat alle folksgerjochten kodifisearre wurde moasten. Yn de ieuwen dêrnei waard noch mear op skrift set, meast yn it Frysk. De Friezen wienen sûnt Karel de Grutte ûnderdienen fan it Hillige Roomske Ryk, mar de keizer wie fier fuort en hie amper ynfloed. It slagge syn greven net om harren ynfloed te behâlden. Ek de Hollânske greven koenen Fryslân der net ûnder krije. Dêrtroch stienen de Friezen allinnich yn namme ûnder de keizer en regelen se yn de praktyk harren eigen bestjoer en rjochtspraak. De tiid fan de Fryske Frijheid soe oant 1498 ta duorje.

Sawol bestjoer as rjochtspraak wienen bot desintralisearre. De measte macht lei yn de dielen, de lettere gritenijen. Sintrale ynstellings kamen amper ta ûntwikkeling. De rjochtspraak waard útoefene troch in grytman, holpen troch in pear keazen ynwenners, de bysitters, dy't it amt om bar besetten. Heger berop wie mooglik op it gerjocht dat hâlden waard op de lândagen fan de distrikten (Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden).

De Fryske Frijheid sneuvele yn de twadde helte fan de 15e ieu troch in kombinaasje fan ynterne partijstriid en de opkomst fan sterke lânshearlike steaten. Yntern wie der algeduerigen skeel tusken de haadlingen (adellike grutgrûnbesitters). It skeel late ta de striid tusken Skieringers en Fetkeapers. De Fetkeapers linen op help fan de stêd Grins dy't wurke oan de opbou fan in eigen stedsteat. De Skieringers fûnen op it lêst stipe by hartoch Albrecht fan Saksen. Albrecht woe wol helpe, mar hy hie ek syn eigen aginda. Hy socht in gebiet foar syn jongste soan Hendrik.

Albrecht koe mei syn leger de Fetkeapers gau ferslaan. Hy waard noch yn 1498 troch de keizer beneamd as gubernator en potestaat oer Fryslân. Nettsjinsteande syn foech slagge it him en syn opfolgers net yn om harren gesach te fêstigjen. In oanhâldende oarloch mei de stêd Grins en opstannen fan de Friezen wienen de wichtichste oarsaken. Yn 1515 ferkocht syn soan George syn rjochten op Fryslân oan keizer Karel V.

[bewurkje seksje] Lânshearlike tiid

De Saksyske hartoggen wienen al útein setten mei de opbou fan in moderner sintralisearre bestjoersapparaat. Karel V soe mei dy polityk trochgean. Op 25 july 1499 stelde lânshear Albrecht in Rie yn foar it bestjoer en de rjochtspraak yn syn Fryske gewesten. Yn de Rie hâlde ien groep riedshearen him dwaande mei it bestjoer (de Bestjoersrie) en in oare mei de rjochtspraak (it Hofgerjocht).

Doe't Karel V it bestjoer oernaam ynstallearre hy yn 1515 it Hof fan Fryslân. Dat Hof hâlde har ûnder lieding fan de steedhâlder dwaande mei sawol bestjoer as rjochtspraak. Yn 1527 krige it Hof in profesjonele organisaasje. Net-juristen waarden amper mear beneamd. Om't de steedhâlder der yn de praktyk net in soad wie hie it Hof feitlik it deistich bestjoer oer it gewest. It Hof wie fan 1571 ôf húsfeste yn de Kânselarij. Dat gebou stiet noch altyd oan de Twibaksmerk yn Ljouwert.

Hoewol't der op lândagen regelmjittich mei de Steaten fan Fryslân oerlein waard, wie de ynfloed fan it gewest lyts. It regear woe de macht yn Brussel konsintrearje en woe de gewestlike autonomy minimalisearje. De ûnfrede oer dy polityk wie úteinlik ien fan de haadoarsaken fan de opstân dy't yn 1580 in definityf ein meitsje soe oan it Habsburchske bewâld.

[bewurkje seksje] De perioade fan de Republyk

Under de opstân waard yn 1578 in nij Hof ynstallearre troch de nije machthawwers. Dat Hof ferlear lykwols hast al syn bestjoerlik foech en fungearre allinnich as rjochtskolleezje.

Ferlike mei oare gewesten wie benammen de kriminele rjochtspraak yn Fryslân sterk sintralisearre. De measte saken fan belang waarden behannele troch it Hof. Allinnich lytse oertrêdings waarden behannele troch de Nedergerjochten dy't yn eltse stêd en gritenij fêstige wienen. Sivile saken waarden mear troch de Nedergerjochten behannele, mar der waard in soad gebrûk makke fan de mooglikheid om yn berop te gean by it Hof.

It Hof moast syn macht diele mei in pear oare rjochtbanken:

[bewurkje seksje] Njoggentjinde ieu

Nei de ynliving by Frankryk waard yn 1811 ek de Frânske rjochterlike organisaasje yn Fryslân ynfierd. It Hof fan Fryslân waard opheft en de measte taken waarden oernommen troch de rjochtbanken fan Earste Oanlis yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean. Foar it berjochtsjen fan swiere misdriuwen kaam ynsidinteel in Hof fan Assisen yn Ljouwert byinoar. It keizerlik Gerjochtshof (letter de Hege Rie) fungearre as ynstânsje foar berop. Op it plattelân wienen der Fredegerjochten en Plysjegerjochten.

Yn 1838 waard in Nederlânske rjochterlike organisaasje ynfierd. Doe ûntstienen de ynstellings dy't wy no noch kenne kantongerjochten, arrondissemintsrjochtbanken en in Gerjochtshof. De nammen en de oantallen binne lykwols yntusken wat feroare.

Fan de trije arrondissemintsrjochtbanken út 1838 bleau allinnich noch de "Rjochtbank" yn Ljouwert oer. Tsjinwurdich hat Fryslân noch fjouwer kantongerjochten, fêstige yn Ljouwert, op it Hearrenfean, yn Snits en yn Opsterlân (Beetstersweach), mar hja falle ûnder de rjochtbank Ljouwert. It Gerjochtshof dat ynearsten allinnich Fryslân as ressort hie wreide syn foech út oant de trije noardlike provinsjes.

[bewurkje seksje] Eanentweintichste ieu

De namme "kantongerjocht" is ferfallen en is oanpast ta "sektor kanton fan'e rjochtbank". Sûnt 2006 wurdt by it Gerjochtshof ek de heger beropsaken behannelje út it ressort Arnhim, dit binne de rjochtbanksaken fan Zwolle-Lelystad.

Oare talen

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu