Universiteit fan Frjentsjer
From Wikipedy
De Universiteit fan Frjentsjer destiids ek wol Academiae Franekerensis neamd, is oprjochte yn 1585. Yn 1811 is er by dekreet fan Napoleon tagelyk mei de Universiteit fan Hurderwyk sletten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Stifting
De universiteit is stifte troch de Steaten fan Fryslân. Al wie in wichtige reden dat dûmnys sa hjir yn de omkriten oplaat wurde koenen, dochs waard besluten net allinnich in seminarium te begjinnen, mar in universiteit. De universiteit is op 29 july 1585 iepene, en wie fêstige yn Frjentsjer, yn it eardere Krúshearrenkleaster.
[bewurkje seksje] Fakulteiten
De universiteit hie fjouwer fakulteiten:
- Godgeleardens (theologica)
- Rjochten (jura)
- Medisinen (medicina)
- Frije keunsten (artes): filosofy, talen en wiskunde.
[bewurkje seksje] Ynfloed
Mei om't Frjentsjer yn dy tiid in kalvinistysk bolwurk wie, wûks fral de fakulteit fan de godsgeleardens in de 17e ieu út ta ien fan de wichtigste yntellektuele sentra fan Nederlân. Ferneamde learden joechen yn Frjentsjer ûnderwiis, wat in protte studinten oanluts. Willem IV wie hjir studint, en in tredde fan de stûdenten kaam sels út it útlân.
[bewurkje seksje] Ein
Troch ûnder oaren de grutter wurdende konkurrinsje en de minder wurdende ekonomy, bleau de universiteit yn de rin fan de 18e ieu efter by de ûntwikkeling yn de rest fan Jeropa. It tal fan útlânske studinten rûn tebek, en yn de Franske tiid wie der in dúdlike delgong fan it tal fan studinten. Doe't Napoleon yn 1811 it tal fan universiteiten fermindere woe, waard de universiteit fan Frjentsjer net wichtich genôch mear en hâld die iepen. Nei 226 jier, en nei 13.706 ynskeaune studinten, kaam der sa in ein oan de Universiteit fan Franeker.
[bewurkje seksje] Neitiid
In part fan de hortus botanicus waard yn 1812 oernaam troch de Universiteit fan Grins. Fan 1815 oant 1843 hat de skoalle noch in Ryksateneum west. It behear fan de biblioteek fan de universiteit hat ien fan de redenen west ta de stifting yn 1852 fan de Provinsjale Biblioteek. De oare besittings, wêrûnder de ksylooteek, kamen yn it besit fan de stêd, en binne no part fan de kolleksje fan it Coopmanshûs.
[bewurkje seksje] Hjoeddeisk
Der is al ris besocht de universiteit wer te iepenjen, mar oant no ta is dat net slagge. Sûnt 1996 is it foar promovendi oan de Universiteit fan Grins, as it mêd fan de promoasje, of de promovendus sels, in bân mei Fryslân hat, mooglik om yn Frjentsjer te promovearjen. En yn 1998 is de Universiteit Twente hjir it Kartesius-instituut begûn. Fierders hat Fryslân yn Ljouwert mei de Fryske Akademy in akademyske ynstelling foar studzje fan de Fryske Taal.
Yn it begjin fan de njoggentiger jierren is de Stifting Frjentsjerter Universiteit oprjochte mei as doel minsken te ynteressearjen foar alles wat streekrjocht of sydlings mei Fryslân te meitsjen hat.