Skiermûntseagersk
From Wikipedy
|
It Skiermûntseagersk is it Fryske eilândialekt fan it ta de provinsje Fryslân hearrende waadeilân Skiermûntseach.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tal sprekkers
It Skiermûntseagersk is it lytste libbene dialekt fan it Westerlauwersk Frysk. It balansearret mei op 't heden noch mar sa'n 50 sprekkers (teljier 2000) eins op 'e râne fan it útstjerren. Dêr moat lykwols by oantekene wurde, dat Els Perdok, skriuwster fan it Wurdboek Nederlânsk-Skiermûntseagersk, yn 2001 noch op likernôch 120 sprekkers útkaam (Ljouwerter Krante, 2 april 2001). De ferklearing foar it ferskil yn sprekkersoantallen moat faaks socht wurde yn de kriteariums foar de tellings.
Yn alle gefallen wurdt it Skiermûntseagersk sprutsen troch almeast âldere minsken en nimt it sprekkerstal stadichoan ôf. Der is op it eilân op it stuit mar ien gesin dêr't de bern yn it dialekt grutbrocht wurde. Foar oarstaligen wurde der kursussen jûn om it dialekt ûnder de knibbel te krijen; yn 2001 wienen der tweintich minsken dy't dy kursus folgen.
[bewurkje seksje] Wurdlisten
Yn 1968 publisearre de Fryske Akademy de Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs fan Douwe Fokkema. Yn 2001 publisearre 't Heer en Feer it Woordenboek Nederlands-Schiermonniksoogs fan Els Perdok. Yn 2002 kaam by de Fryske Akademy it tritichtûzen wurden tellende Wezzenbúek Nederlands-Eilanders út. Dêryn binne ek noch nije wurden opnommen, lykas "steunkar" foar "rollator".
[bewurkje seksje] Oarsprong
Skiermûntseagersk hat him ûntjûn ta in unike foarm fan it Frysk, dy sterk ôfwykt fan 'e Fryske standerttaal. Foar de ferklearing fan dit ferskil wurdt ornaris wiisd nei ien as mear fan de neikommende oarsaken:
- De taalmienskip hat ieuwenlang isolearre west op it eilân.
- It eilân leit op de skieding fan Westerlauwersk en Easterlauwersk Frysk.
- It dialekt hat mûglik mear ynfloed ûnderfûn fan it Nedersaksysk.
- Skiermûntseagersk is mûglik fuortkaam út de earste Fryske emigraasje golf, dy't ek as ferklearing fan de ôfwikende eilândialekten fan it Noardfrysk oanfierd wurdt.
- De taalmienskip hat troch de ieuwen nochal behâldend west.
In foarbyld fan de ynfloed fan it Nedersaksysk, benammen it Hegelânsk en it Westerkertiersk, is it faak foarkommen fan 'e typysk Hegelânske klanken "ai" en "au".
[bewurkje seksje] Ferskillen mei it Standertfrysk
It Skiermûntseagersk is in nochal behâldende foarm fan it Frysk; sa makket it yn syn grammatika noch ûnderskie tusken trije geslachten, in ferskynsel dat yn it Standertfrysk al lang net mear foarkomt. Ek de stavering wykt wat ôf fan it Standertfrysk, mei bygelyks "ië" dêr't it Standertfryske "ie" hat, útsein yn de kombinaasje "ier".
Oare ferskillen berinne bygelyks it mêd fan 'e klanklear. Sa jout it Skiermûntseagersk by de lûden:
- "au" foar "â"; ferlykje "saun"-"sân", "laun"-"lân", "haun"-"hân", "braun"-"brân" en "straun"-"strân";
- "grôs" foar "gers";
- "rone" foar "rinne";
- "starm" foar "stoarm";
- "greoun" foar "grûn";
- "lôze" foar "lêze" en
- "búek" foar "boek".
Fierders hat it by de bylûden
- "tj" foar "tsj"; ferlykje "tjark"-"tjerke" en "tjoster"-"tsjuster" en
- "sch" foar "sk"; ferlykje "schúele"-"skoalle", "schiimer"-"skimer".
Al mei al binne de ferskillen mei it Standertfrysk sa grut, dat de ûnderlinge fersteanberens tige dreech is. Ferlykje bygelyks de folgjende wurden "lytj"-"lyts", "jiët"-"ljocht", "got"-"grut", "fieuwl"-"fûgel".
[bewurkje seksje] Literatuer
- K. Boelens en oaren, Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
- K. Jansma, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
- E. Perdok, Wezzenbúek Nederlands-Eilanders, Ljouwert, 2001.
- L. Wiersma., Yn myn thúshafen - Gedichten yn de taal fan it eilaun Schiermonnikeich, Ljouwert, 1973.