Stabij
From Wikipedy
|
|
|
|
|
|
Nammen | Stabyhûn |
Oarsprong | Nederlân |
Klassifikaasje | groep 7 seksje 1.2 |
Sjoch ek | Hûn - List fan hûnerassen |
De Stabijhûn of Stabij is in steande, opjeiende en apportearjende fûgelhûn. Fermoede wurdt dat er fan oarsprong út Midden-Europa komt en dêrnei fierder ûntwikkele is yn Nederlân. De stabij komt, lykas de Wetterhûn, fermoedlik út Fryslân, út de Fryske Wâlden (it easten en súdeasten fan Fryslân).
Hjoed de dei binne der noch ûngefear 3500 orzjinele Stabij's.
[bewurkje seksje] Eigenskippen
It is in treflike jachthûn en boppedat in poerbêste gesinshûn. Hy hat de namme tige freonlik en sjarmant te wêzen. De stabij is in steande jachthûn, dat wol sizze in hûn dy't sa gau at er de oanwêzigens fan wyld bespeurt roerleas stilstean bliuwt. Soms mei in foarpoat omheech en mei de noas yn de rjochting fan it wyld. De Stabij is in tige goede swimmmer en is dan ek by steat it wyld yn it wetter oer grutte ôfstannen te apportearjen. It is in middelgrutte hûn: de ideale hichte foar rikels is 53 sm en foar teven is dit 50 sm. De meast foarkommende kleur is swart mei in wite ôftekening, mar ek brún mei in wite ôftekening komt foar.