Wetsens
From Wikipedy
Wetsens is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel mei 167 ynwenners (2005). It hat noait in grut doarp west. It hie mar 9 stimmen en wie doch it fjirde yn rang yn East-Dongeradiel. Troch't it wat oan de kant fan de wegen lei, is Wetsens in frij geef doarp bleaun. De namme Wetsens kin wiet lân betsjutte. Oaren tinke oan de mienskip fan Wetse en syn famylje.
De terp wie sa'n 4 meter heech, mar is yn it lêst fan 19e ieu fan in grut part ôfgroeven. Allinich it part om de tsjerke hinne is oerblean en dy leit dus no iensum op in hichte, krekt lykas yn Ealsum. De tsjerkegongers geane der dan ek oer de Opgong hinne.
[bewurkje seksje] It Jaarlagat
It Jaarlagat, dat ek Jaarlasleat neamd wurdt, joech Wetsens in goede oansluting mei de Peazens. Dy mei de Suderie kaam letter. It wie ek in striidpunt tusken de beide Dongeradielen. It lân om Wetsens hinne leit leech en se hienen dan ek gau wetteroerlêst. De maklikste oplossing om dêr fanôf te kommen, wie dan ek om de syl iepen te setten. Se hienen dan wer droege fuotten, mar dan kamen de klachten fan de oare doarpen oan de Peazens. Der is in protte fean om Wertsens hinne ôfgroeven. Dit gie net allinne om der turf fan te meitsjen, mar yn it fean siet ek sâlt. De minsken hienen útfûn hoe't se dat sâlt winne koenen.
[bewurkje seksje] De Jaarla's
Skepper en skriuwer yn Wetsens wienen de Jaarla's, de namme wurdt ek as Jaerla skreaun, op Grut en Lyts Jaarla-sate. Yn 1498 seagen de oare eallju fan Eastdongeradiel harren kâns. Dizze hienen har bij de Saksyske partij oansletten, wylst Auke Jaarla oan de Gelderske kant stie. Se holden rjochtdei en Auke Jaarla moast him oerjaan. Der waard besletten dat Auke Jaarla yn Rinsumageast berjochte wurde moast. Hy is dêr net libbend oankommen, want ûnderweis waard er dea slein. Under it Saksyske bewâld binne de eigendommen fan syn soannen yn beslach nommen. Nei 1580 binne de Jaarla's wer yn har eare kommen. In pakesizzer fan Auke Jaarla waard sels grytman fan Eastdongerdiel. Yn 1700 is Wilco van Holdinga, baron van Schwartzenbergh de grutte man yn Wetsens.
[bewurkje seksje] De tsjerke
De tsjerke wie wijd oan St. Vitus. Dat soe der op wize kinne dat de norbertinen dêr ynfloed hienen.
De tsjerke docht in protte oan dy fan Jannum tinken. De tsjerke yn de 12e ieu is fan dowestien boud. Der binne noch oansetten fan kapellen. Yn de 16de ieu is de tsjerke ferhege yn bakstien.
Yn 1842 stoarte de sealdaktoer yn en der kaam in trijehoekich westwurk. De klok waard ophongen yn in klokkestoel oan de foarkant.
De tsjerke wurdt sneins net mear brûkt. De wurde allinnich noch trou- en routsjinsten holden.