Dominylyster
From Wikipedy
Dominylyster | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Turdus torquatus |
De Dominylyster (Turdus torquatus) is in 25 sm grutte fûgel út de famylje fan de Lysterfûgels. Hy is hielendal swart lykas de Klyster, mar toch goed te underskieden troch de brede wite bân op syn boarst, dêr't er ek syn namme oan te tankjen hat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen
De Dominylyster wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Beflyster, Dominy, Dûmnylyster, Krânslyster as Ringlyster.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Dominylyster komt selden foar yn Nederlân, en dan allinnich op trochtocht. Dominylysters briede yn it berchtme , yn it noarden yn Skotlân en Skandinaavje, en ek yn de Alpen. Winterdeis lûke de fûgels nei de lannen by de Middelanske See. Soms binne se yn de maaitiid of yn de hjerst yn Nederlân te sjen, fral oan de kust, at se ûnderweis binne.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
It nêst is, lykas by de measte Lysters, moai rûn en meast leech by de grûn yn'e strûken. De 4-5 aaien wurde yn 2 wike útbred, wêrnei de jongen ek noch 2 wike yn it nêst bliuwe.
[bewurkje seksje] Iten
De Dominylyster yt meast wjirms, slakken en ynsekten. Yn de hjerst ite de fûgels in protte beien.