Murd
From Wikipedy
Murd | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Mustela putorius |
De murd (Mustela putorius) is in lyts linich rôfdier dat ta de famylje fan de martereftigen heart (Mustelidae). It is wierskynlik de wylde foarfaar fan de fret.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skaaimerken
In folwoeksen eksimplaar wurdt 29 oant 46 sm lang. Mantsjes binne grutter as wyfkes. In mantsje hat in kop-romplingte fan 30,5 oant 46 sintimeter, in sturtlingte fan gemiddeld 14 sintimeter en in lichemsgewicht fan 502 oant 1522 gram. In wyfke hat in kop-romplingte fan 29 oant 35,5 sintimeter, in sturtlingte fan gemiddeld 12,5 sintimeter en in lichemsgewicht fan 442 oant 800 gram.
De murd hat donker hier, mei wite earrântsjes, in wite snút, wite flekken tusken de earen en eagen en in donker masker. De flanken hawwe in ljochtere kleur. By't simmer lizze de wollige ljochtbrune oant gielige ûnderhierren foar it grutste part ferburgen ûnder it donkerkleurige dekhier. Yn'e winter stiet dizze ûnderpels út sadat in murd der ljochter en dikker útsjocht. Simmerdeis sjocht hy der donkerder út.
[bewurkje seksje] Gedrach
As it dier yn it nau brocht wurdt spuitet it in stjonkend molke-eftich focht út de eartgrutte stjonkklieren oan de sturtbasis. Dit brûkt hy ek foar it ôfsetten fan syn territoarium. De Latynske namme Mustela putorius betsjut dan ek stjonkende marter.
Murden binne nachtdieren, dy't oerdeis yn harren hoale bliuwe. In murd graaft faak syn eigen hoale, mar hy kin ek in ferlitten kninehoale ynnimme of gebrûk meitsje fan in natuerlike holte tusken de stiennen. De hoale wurdt beklaaid mei gers en moas.
De murd libbet solitêr.
[bewurkje seksje] Fiedsel
De murd is in fûle rôver dy't bûten mûzen, rôten en kikkerts ek in (folle gruttere) hin of knyn net út'e wei giet. Kjifdieren en kikkerts foarmje syn belangrykste fretten, mar ek fûgels, reinwjirms, ynsekten, hagedissen en ek ies wurde fretten. At it in murd slagget om yn in hinnehok te kommen, folget in woaste moardpartij wêrby't in soad, of alle hinnen deamakke wurde.
Hy brûkt ferskate taktiken om de proai dea te meitsjen: in kikkert wurdt yn'e nekke biten, in mûs yn de kop en in knyn yn de noas. De murd leit fiedselfoarrieden oan. Yn of by guon hoalen kinne wol tsientallen deade ferlamme kikkerts en podden fûn wurde.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Al ier yn it foarjier begjint foar de murd de peartiid, ek wol rôltiid neamd. Dizze duorret fan maart oant juny. Foar it pearjen grypt it mantsje it wyfke yn'e nekke en rint mei har om. De pearing sels kin wol hast in oere duorje.
Nei in draachtiid fan 42 dagen wurde trije oant acht jongen smiten. Yn ekstreme gefallen wurde der twa oan tolve jongen teld. De ierste nestkes komme ein april, begjin maaie. De jongen wurde geboren yn in ferlitten kninehoale of in fokseboarch. Mar ek holle beammen of muorren wurde hjirfoar brûkt. De murd smyt mar ienkear yn't jier.
By de berte hawwe de jongen side-eftich wyt hier en weage se 9 oant 10 gram. Nei trije of fjouwer wiken begjint in donkere facht te groeien. Se drinke ien moanne lang by de mem.
It mantsje is geslachtsryp tusken maart en maaie, it wyfke ein maart, begjin april. Yn it wyld wurde murden heechút fjouwer oant fiif jier âld. Yn finzenskip kinne se wol 14 jier wurde.
[bewurkje seksje] Fersprieding
Trochdat se net tier binne wat fretten oanbelanget, komme murden foar yn in soad ferskillende lânskipssoarten. Se komme benammen foar yn beboske leechlân tichtby wetter, wêrûnder wâlen en sompen. Ek komme se foar yn boerepleatsen en beboske gerslannen.
De murd is endemysk foar Jeropa: hy komt nearne oars foar. De eastlike grins leit by it Oeralgeberchte. Se komme op hast it hiele Jeropeeske lân foar. Yn Skandinaavje libje se allinnich yn it suden. Ek komme se foar op Korsika en Sisylje.
[bewurkje seksje] Murdejeien
Der waard earder in soad op murden jage om de feltsjes. It waard dien mei spesjale murdehûnen, yn'e regel in wetterhûn. In soad arbeiders út de Wâlden fertsjinnen der sa in pear sinten by. Murdejeien barde nachts en man en hûn moasten der wol tûk foar wêze. Yn de boeken fan Rink van der Velde komt gauris murdejeien foar.
[bewurkje seksje] Taalgebrûk
Ynwenners fan Húns wurde ek wol Húnzer Murden neamd.
- siswizen:
- kleie of stjonke as in murd
- fjochtsje, raze en tsiere as murden
- sa kwea, sinnich, skier, slieperich, slûch, snoad, swat, taai wurch as in murd
- sa skier as in murd dy't yn't lêste simmerhier sit
- sjen, gnize, gnuve en laitsje as in murd (foar in goatsgat)
- in toarst hawwe as in murd
- in murd fan in jonge ( fan ien dy't liep, slûchslim is)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Steppemurd
- Flekte Murd
- Fret