Psychology
From Wikipedy
Psychology, sielkunde, is de wittenskiplike stúdzje fan minskelik gedrach en mentale prosessen. Psychology is ien fan de sosjale wittenskippen.
Binnen de psychology wurde fiif perspektiven ûnderskieden om minskelik dwaan en litten te ferklearjen:
- it biologysk perspektyf, ek wol psychofysiology neamt;
- it gedrachs perspektyf, dizze oanpak wurdt ek wol behaviorisme neamt;
- it kognitive perspektyf, ofwol kognitive psychology;
- it psycho-analytyske perspektyf en
- it fenomenologyske perspektyf.
Dizze perspektiven kinne brûkt wurde binnen it hiele fjild fan 'e psychology.
Psychology is fierder nei ûnderwerp fan stúdzje ferdield yn ferskate spesjalisaasjes. Foarbylden dêrfan binne:
- psycho-patology
- ûnderwiispsychology
- ûntwikkelingspsychology
- sosjale psychology
- persoanlikheidslear
- organisaasjepsychology