Weststellingwerf
From Wikipedy
Gemeente Weststellingwerf | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | G. van Klaveren |
Haadplak | Wolvegea |
Gebiet - wetter |
228,40 km² - 2,00 km² |
Ynwenners | 25.990 |
Ferkearsieren | A32, N351 |
Netnûmer | -- |
Postkoades | -- |
Offisjele webstee | www.weststellingwerf.nl |
Weststellingwerf is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 26.015 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 228,4 km², wêrfan 2,0 km² wetter.
Weststellingwerf is mei de gemeente Eaststellingwerf de Stellingwerven. Fanâlds wurdt hjir Stellingwerfsk praat. Hjoeddedei fynt men der ek in soad Frysk- en Nederlânskpraters.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is Wolvegea en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeholtpea, Aldeholtwâlde, Aldetrine, Aldlemmer, Blesdike, De Blesse, Boyl, Easterstreek, Finkegea, De Hoeve, De Langelille, Munnikebuorren, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijetrine, Nijlemmer, Noardwâlde, Pepergea, Sânhuzen, Skerpenseel, Slikenboarch, Sonnegea, Spangea, Steggerda en Teridzert.