Noardwâlde
From Wikipedy
Noardwâlde (Noordwolde) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, mei 3.634 ynwenners (1 jannewaris 2003).
Noardwâlde hat fia de N353 nei it súden ferbining mei Wilhelminaoard en Havelte en nei it noarden mei Aldeberkeap. Fia de Noardwâlder Feart hat it ferbining mei de Linde. It doarp leit net fier benoarden it trije-provinsjepunt fan Fryslân, Drinte en Oerisel. By Noardwâlde hearre ek de buorskippen Mounebuorren, Bûtenbuorren, Sânhuzen en it Reade Doarp.
Noardwâlde is grut wurden troch de feanwinning. Doe't dy ôfrûn hat der ein 19e ieu, begjin 20e ieu in bloeiende reidflechtyndustry wêst. Fan dy yndustry is no it Nasjonaal Flechtmuseum noch oer.