Euro
From Wikipedy
De Euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol de Eurosône neamd. Nei de Amerikaanske Dollar is de Euro de belangrykste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Dielnimmers
De Euro is in wettich betelmiddel yn 13 fan de 25 lannen fan de Jeropeeske Uny. Dizze lannen binne:
- Belgje
- Dútslân
- Eastenryk
- Finlân
- Frankryk
- Grikelân
- Ierlân
- Itaalje
- Lúksemboarch
- Nederlân
- Portegal
- Sloveenje
- Spanje
Boppedat binne der ek noch seis lannen dy’t net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de Euro as betelmiddel ha. Dit binne:
Fjirder binne der noch fiif oare lannen, en twa monetêre gebieten dy’t harren munt oan de Euro keppele ha.
Yn de takomst sille der noch mear lannen lid wurde fan de EMU:
- Op 1 jannewaris 2008 sille Syprus en Malta de Euro as betelmiddel yn fiere.
- Op 1 jannewaris 2009 komt Slowakije der ek nochris by.
- 2010 of letter: Estlân, Letlân, Litouwen, Hongarije, Poalen, Tsjechje.
Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de Euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.
De Euro is ek de Munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de Dollar wurdt de Euro dêr oant no ta net brûkt.
[bewurkje seksje] Munten
De munt wurd opdield yn 100 sinten per Euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út die fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten ha in Jeropeeske side wêr in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare side stiet in ôfbyld dy’t per lân ferskillet.
[bewurkje seksje] Euroteken
It Euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De twa linen moatte de fêstheid fan de munt symbolisearje.
[bewurkje seksje] Wikselkoersen
Koers € 1 | Muntienheid | Koers € 1 | Muntienheid | |
---|---|---|---|---|
13,7603 | Eastenrykske schilling (ATS) | 1936,27 | Italiaanske lire (ITL) | |
40,3399 | Belgyske frank (BEF) | 40,3399 | Luxemburgske frank (LUF) | |
1,95583 | Dútske mark (DEM) | 2,20371 | Nederlânske gûne (NLG) | |
166,386 | Spaanske peseta (ESP) | 200,482 | Portegese escudo (PTE) | |
5,94573 | Finske markka (FIM) | 340,750 | Grykske drachme (GRD) | |
6,55957 | Frânske frank (FRF) | 239,640 | Sloveenske Tolar (SIT) | |
0,787564 | Ierske pûn (IEP) |
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
Kategoryen: Jeropa | Jild