Theodorik de Grutte
From Wikipedy
Theodorik de Grutte (likernôch 451-526) wie kening fan de Ostrogoaten. Nei de dea fan syn heit Thiudimir yn 474 nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer Zeno wie hy generaal en dizze beneamde him yn 484 ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy Itaalje en stifte der in Ostragoatysk ryk. Hy besocht de Romeinske befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong Germaansk folk, mar slagge der net yn.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jonge jieren
In grut part fan syn jeugd brocht Theodorik troch as gizeler oan it hof yn Konstantinopel. Hjirmei hie de East-Romeinske keizer Leo I festigheid dat Theodorik syn heit it fouderati-ferdrach mei de keizer respektearre soe. Hy learde tiidens dizze periode oan it hof in soad oer de Romeinse gebrûken en kriichskunde. As jongkeardel die Theoderik mei oan de ferskate kriichstochten dy't syn heit hâlde. Yn 469 behellen sy in oerwinning op de Gepiden yn de Karpaten oan de Bolia. Moesia waard troch harren beset yn 471 en Theoderik sels liede in tal fjochterijen tsjin Theodorik de aldere. Fierder foel Theoderik letter as generaal fan de East-Romeinen in pear kear Itaalje yn.
[bewurkje seksje] De Ostrogoaten oermasterje Itaalje
Yn 476 hie it Germaanske stamhaad Odoaker de lêste WestRomeinske keizer ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike tekens nei de keizer fan it easten Zeno yn Konstantinopel, wermei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krieg gjin nije keizer en hâlde op te bestean.
De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn bekomst fan de Ostragoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn 488 opdracht oan Theodorik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. Theodorik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste fuot te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de Isonzo, en letter, yn septimber by Verona. Lang om let oermastere Theodorik yn 493 de haadstêd Ravenna en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.
Doe't Theodorik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekke har út fan Sisylje oan Panonnia. Nettsjinsteande syn Germaanske ôfkomst waard Theodorik sawol troch de Romeinen as de Goaten as kening erkend. Yn Theodorik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.
[bewurkje seksje] Relaasje mei oare Germaanske foarsten en folken
Theodorik ferstevige syn machtsbasis yn Itaalje en soarge der foar dat syn Romeinske ûnderdanen it goed hienen. Ek bleau syn bân mei de Romeinske keizer yn Konstantinopel yntakt. Sa stadich oan waard hy hieltyd machtiger. Hy makke syn grinzen feilich troch it smeden fan houliksbânnen mei de Itaalje hinne wenne folken. Syn suster Amalafrida trouwde mei Thrasamund, kening fan de Fandalen en Theodorik sels wie trouwd mei Audofleda, de sus fan kening Klovis I fan de Franken. De ienige Germaanske folken dêr't er gjin ynfloed op hie wienen de Franken en de Fandalen.
Yn 507 sneuvele kening Alarik II fan de Fisigoaten yn de slach by Vouillé tsjin de Franken. Alarik waard opfolge troch Amalarik, mar dizze wie noch minderjierrich, wêrtroch Theodorik regent foar de jonge kening waard. Troch de nederlaach by Vouillé ferlearen de Fisigoaten it besit fan Aquitaanje oan de Franken. Allinnich Septimaanje koenen sy fêst hâlde. Dit wie te tanke oan it yngripen fan Theodorik.
[bewurkje seksje] Dea en neilitenskip
Op 30 augustus 526 stoar Theodorik. Syn dochter, Amalasuntha folgde him op as keningin fan de Ostrogoaten. Sy wie lykwols net by steat om it ryk byienoar te hâlde en de Roomske Romeinen en de Ariaanse Ostrogoaten woeksen útienoar. Dy ûntwikeling sette de East-Romeinske keizer Justinianus der ta om de Ostrogoaten de oarloch te ferklearen. Om 550 hinne wie it hiele ryk sawat ferneatige. Theodorik syn lange regear hie der wol ta bydroegen de Romeiske kultuer fan Itaalje te bewarjen. It mausoleum fan Theodorik de Grutte is noch hieltiid te besjen yn Ravenna.
[bewurkje seksje] Literateur
- Hermann Schreiber: de Goten: vorsten en vazallen (1979)